Nederlands
Fries
overlay
teaser
shadow

Programma yn 't koart

Ferkiezingsprogramma 2007-2011 yn kearnpunten  


Kultuer, taal en ûnderwiis  

  1. Stimulearjen fan koaren, muzykkorpsen, festivals, toaniel en muzyk
  2. Mear oandacht foar Fryske kultuer en histoarje by jongeren
  3. Stipe Fryske Akademy, it Fries Museum, de Afûk, it Frysk Letterkundich Museum Dokumintaasje (FLMD)
  4. Mear oandacht en wurdearring foar de Fryske taal
  5. Oprjochting Fryske universiteit
  6. Oanpakken learefterstannen
  7. Stimulearjen keatsen, fierljeppen, Fryske hynstesport, skûtsjesilen en de Alvestêdetocht

Sosjaal belied en soarch  

  1. Mear oandacht foar Jeugdbelied en de (previntive) jeugdhelpferliening
  2. Mear oandacht foar it bestriden en te foaren kommen fan ferslaving
  3. Soarch moat oeral fluch berikber wêze
  4. Fryslân moat ynvestearje yn soarchtoerisme
  5. Utwreiding fan mantelsoarchstipepunten
  6. Gjin skieden húsfesting by opname yn soarchynstelling
  7. Previntive oanpak jeugdproblematyk

Ekonomy, rekreaasje en toerisme 

  1. Stevige posysje Ljouwert as haadstêd fan de provinsje
  2. Optimaal fasilitearje Midden- en Lytsbedriuw (MKB)
  3. Fergrutsjen ICT-mooglikheden
  4. Ekstra oandacht foar efterstânsregio’s
  5. Promoasje fan toerisme en rekreaasje yn Fryslân
  6. Waadrekreaasje stimulearje
  7. Mear minwaarakkommodaasjes ûntwikkelje

Romte en wenje 

  1. Lykwichtige ferdieling wentebou yn de stêd en op it plattelân
  2. Stimulearjen wolstânsfrij bouwen
  3. Stypjen fan de starters op de wentemerk
  4. Húsfesting foar iderien dy’t soarch noadich ha

Wetter en miljeu 

  1. Skjin wetter beskikber hâlde foar iderien
  2. Tasicht hâlde op feilige wetterkearen
  3. Mear gemaalkapasiteit
  4. Hanthavening gebrûk fan griene enerzjy foar de provinsjale gebouwen
  5. Stimulearjen gebrûk fan alternative brânstoffen foar it iepenbier ferfier
  6. Stimulearjen opwekjen duorsume enerzjy
  7. Fuortsterkje enerzjyfrij wenjen foar duorsum wenjen

Ferkear en ferfier 

  1. Stimulearjen beropsfeart troch opwurdearring fan it Van Harinxmakanaal
  2. In flugge treinferbining fia it Suderseeline-trajekt
  3. It oplossen fan de ferkearsproblematyk by it knooppunt de Jouwer
  4. Opwurdearjen N 381 Drachten/Emmen ta autowei mei ûngelikense krusings
  5. Harns: A 31 folledich fjouwerbaans en akwadukt ûnder Van Harinxmakanaal
  6. Ferbetterjen berikberheid seehavens
  7. Mear fytspaden

Lânlik gebiet

  1. Fersterkjen fan de agraryske sektor
  2. Aktyf ynvestearje yn kennisynstituten en bedriuwen dy’t de agraryske posysje fersterkje
  3. Sykje nei kombinaasjes tusken lânbou, rekreaasje en toerisme
  4. Stimulearjen fan de moderne lânbou
  5. Natuergebieten konsintrearje
  6. Ferbettering fan de posysje fan greidefûgels
  7. Hanthavenje aaisykje, keppele oan neisoarch
bottom image