Steatefraksje
De CDA Steatefraksje Fryslân
De CDA Steatefraksje Fryslân is ien fan de 9 fraksjes fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. It CDA is mei 8 fan de 43 steateleden de twadde fraksje yn 'e Steaten. Mei de PvdA (11 steateleden) en de FNP (4 steateleden) foarmet it CDA de koalysje. It CDA hat twa deputearren: Sjoerd Galema en Tineke Schokker-Strampel.
Provinsjale Steaten is de keazen folksfertsjinwurdiging fan Fryslân. De Steaten stelle de politike kaders foar it provinsjaal belied en kontrolearje de útfiering fan dit belied troch Deputearre Steaten.
Steatekommisjes
Guon foarstellen wurde earst yn ien fan de steatekommisjes besprutsen. Dêr redendiele de steateleden dan oer de foar- en neidielen fan it foarstel. It foarstel kin dêrnei eventueel noch oanpast wurde foar't it úteinlik nei de steategearkomste giet, wêr't it politike debat plak fynt. De kommisjegearkomsten kinne ek op lokaasje plak fine, bygelyks wannear't in ûnderwerp dúdlik yn in bepaalde streek spilet. Ek kinne der tidens kommisjegearkomsten deskundigen útnoege wurde om saken fierder ta te ljochtsjen. De provinsje Fryslân kent twa kommisjes: Lân, Loft en Wetter en Boarger en Mienskip.
Presidium
Alle foarstellen dy't troch de steaten en troch de steatekommisjes behannele wurde, wurde op de aginda set troch it presidium. It presidium bestiet út de fraksjefoarsitters fan alle politike partijen en wurdt foarsitten troch de kommissaris fan de keningin.
Jierferslaggen
Om mear te witten te kommen oer it wurk fan de CDA Steatefraksje, kinne jo ek de jierferslaggen lêze:
- Jierferslag 2010
- Jierferslach 2009 (foar in part yn it Frysk, foar in part yn it Nederlânsk)
- Jierferslach 2008 (foar in part yn it Frysk, foar in part yn it Nederlânsk)
- Jierferslach 2007 (foar in part yn it Frysk, foar in part yn it Nederlânsk)
- Jierferslach 2006 (ek yn it Nederlânsk beskikber)
- Jierferslach 2005 (ek yn it Nederlânsk beskikber)
- Jierferslach 2004 (allinnich yn it Nederlânsk beskikber)














