8 desimber 2011
Reitsma: gearwurkje mei Ljouwerter Ried by Kulturele Haadstêd
Ljouwert en net de provinsje Fryslân kin kandidaat wêze foar de titel ‘Kulturele Haadstêd’ yn 2018. De CDA Steatefraksje wol dêrom dat der nau gearwurke wurdt mei de Ljouwerter Ried. “Wy wolle ek pas in definityf beslút jaan oer finansjele stipe neidat de Ried der yn maart 2012 oer beslist hat,” sei CDA wurdfierder Fenny Reitsma by de kommisjegearkomste op 7 desimber 2011.Yn desimber 2011 moatte de Steaten beslute oft sy twa kear € 1,2 miljoen beskikber stelle wolle foar it projekt ‘Kulturele Haadstêd’. Ljouwert nimt dêr lykwols pas yn maart 2012 in beslút oer, en dêr wol de CDA Steatefraksje op wachtsje. Neffens deputearre De Vries jout it CDA dêrmei it sinjaal ôf dat der gjin betrouwen mear is yn it projekt. Reitsma sjocht dat lykwols hiel oars. “Wy steane noch hieltyd posityf tsjinoer dit projekt, mar wy wolle graach goed gearwurkje mei Ljouwert. Om dan no al jild beskikber te stellen, dat fine wy net korrekt.”
Konkrete plannen
Boppedat ûntbrekke der oant no ta konkrete plannen. “Wêr sizze wy dan ‘ja’ op?” frege Reitsma harsels ôf. “Wy geane der fan út dat der yn maart 2012 wol konkrete plannen binne. Mar wannear‘t dat net sa is, dan is it miskien ek wol ferstandich om net troch te gean. Hjir wurdt in soad jild foar ynset, wylst der op oare plakken hiele grutte besunigings plakfine.” Reitsma leaut net dat it projekt net trochgean kin wannear’t der yn desimber noch gjin jild frijmakke wurdt. “Der is al safolle yn gong setten, dat giet ek yn maart 2012 dan noch wol troch.”
Gjin regio as kandidaat
Yn earste ynstânsje wie it de bedoeling dat Fryslân kandidaat wêze soe as Kulturele Haadstêd. Mar omdat in regio gjin kandidaat wêze mei, moat Ljouwert no de karre lûke. “De gemeenteried wist dêr noch net genôch fan, en is dêr ein novimber 2011 oer ynformearre,” fertelt Reitsma. “Wy fine it belangryk om no goed op te arbeidzjen mei de Ljouwerter Ried.” In stânpunt dat stipe wurdt troch de CDA fraksje fan Ljouwert. “Opstelling CDA Statenfractie is enige juiste: #KH2018 tot maart kans geven maar op voorhand niet volle mep. Iets in trant van ezel en steen,” twittere fraksjefoarsitter Harry van der Molen.
Alvestêdetochtgefoel
It CDA sjocht út nei konkrete en ynhâldlike plannen. “Wy wolle yn maart 2012 graach hearre wat it Fryslân opsmyt,” seit Reitsma. “Alle Friezen moatte in soart Simmer 2000- of Alvestêdetochtgefoel krijge, dat wy meiïnoar grutske binne op Fryslân. Dat gefoel misse wy no noch.”
Grutter begryp
Alle jierren wurde 2 Europeeske stêden beneamd ta kulturele haadstêd. Dit moat bydrage oan in grutter begryp fan wjerskanten tusken Europeeske boargers. Yn 2018 meie Nederlân en Malta in
kulturele haadstêd leverje.

















